woensdag 20 juli 2016

Ungetiid (Frysk) - Hooitijd (Ned)

Ungetiid                                      ( audiofile hier)
Waarme wyn waait oer it fjild mei dizenige flarden
dy’t my ’t sicht ûntnimme op in net besteande kym
Ljochtsjend tonger laket ûnfoech om myn mankelyk
moed en skoddet myn dreamen trochinoar.

Fan ea, fan lang ferlyn doe’t de tonger mei har mistyk
en geheimen it byld bepaalden fan it âlde folk.
De heamantsjes, de túnkers, boeren en harren fee,
Froulju mei brea mei tsiis en hite tee brochten fleur yn ûngetiid.

De rook fan waarm hea en blom, swit en kowestront
makke minsken dwaas. De oppers op it meande lân ferstoppe
feint en faam yn in hertstochtlik spul omearme.

Ach, ‘t wie ûngetiid, en dochs sa lang ferlyn Mar noch altyd
slacht de tonger oer de greiden wêr’t myn libben doe tusken
hea en gers syn alderearste oarsprong fûn…

Hooitijd

Warme wind waait over een akker met flarden mist
die mij het zicht ontnemen op een niet bestaande horizon.
Lichtende donder lacht gemeen om mijn melancholiek
gestel en schudt mijn dromen door elkaar

Van ooit, van lang geleden toen het onweer met haar mystiek
en geheimen het beeld van het oude volk bepaalden.
De hooimannetjes, de tuinders, boeren en hun vee
Vrouwen met broodjes kaas en hete thee brachten hooitijdvertier .

De geur van warm hooi en bloemen, zweet en koeienstront
maakte mensen dwaas. De oppers op de gemaaide akker verhulden
jongen en meisje in hartstochtelijk spel omarmd.

Ach, een hooitijd van erg lang geleden. Maar nog steeds
slaat de donder over de velden waar mijn leven in beginsel
tussen hooi en gras zijn oorsprong vond.