woensdag 15 juni 2016

Op dy (Frysk) - Op jou (Ned)

Op dy                                         (audiofile hier)
yn it rút
blaas ik in finster
alles wyt
en kâld derbûten

desimberwrâld
lûkt oan tsjuster
sulver skittert
izich del

ik wachtsje
mei de waarmte
en blommen
fan glês


Op jou
op het raam
blaas ik een venster
alles wit
en koud daarbuiten

decemberwereld
neemt de duisternis
zilvergeklater
ijst neer

ik wacht
met warmte
en bloemen
van glas

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen