vrijdag 17 juni 2016

Efkes buten (Frysk)

Efkes bûten                                 
strûken wjerkeatse it skynsel
fan lampeljocht
dat in trochpaad siket
yn in spjalt fan 't tsjuster

piizjend reine drippen
út loften dy't
har stimmen
smeie ta in driigjend lûd

in rook, in sacht swymke
fan goedkeap rûkersguod
sweeft omtrint ûnopfallend
troch mei smoarch ljocht
beklieme strjitten

it brûnzen lûd
fan 'e tsjerketoer
bestivet de stilte
as dy syn oeren slacht

ik stean yn in kjeld
dy't my oerfalt en twingt
yn dizenigens dat net wit
wêr’t it op wachtet

Geen opmerkingen:

Een reactie posten